maandag 18 maart 2013
Filmkes út it forline bliuwe jimmer nijsgjierrich.
Nou, hjir is der wer ien.
vrijdag 7 januari 2011
De skjintme fan it drôve
Ja minsken Radio Oars is wer efkes yn'e loft om jimme wer ris bliid to meitsjen mei in ferske (gjin deade mosk lykwols) En ... ja, .... sa as dat wol mear is mei ferskes .... it giet net jimmer sa as jou dat sels wol jerne sjen wolle ... dus om it oars to sizzen ... "Dêr lizze de mûzen dea foar de kast en dy't der noch omrinne hawwe de triennen yn de eagen". It kin altiten slimmer.
Nou .. ik soe sizze: In protte wille wer mei dit ferske en foar de minsken dy't mei in protte ynmoed fan musyk hâlde: "Harkje skerp want dit ferske is wer fan in skjintme, dy't min hjoed oan de dei mar komselden tsjinkomt". Dêrfandinne dat jimme it trijeris biharkje kinne.
'>Charles Brown
''

vrijdag 24 december 2010
Jitte wer efkes in birjocht ?
Nou, folle sil it net wêze, mar noflike feestdagen kin ik jimme wol winskje en dan moatte jimme it plaetsje der sels mar by tinke, hwant al dat "gelink" en geplak, dêr haw ik nou eefkes gjin nocht oan, mar hawar hwat docht dat der ek allegearre ta, as de plaetsjes dy't jou sels yngreven yn de holle hawwe net deselde binne as immen oars se yn de holle hat. Lit jimme fantasije dus mar mei jimme op de rin gean lykwols.
Hwat in bjusterbaerlik jier net, dat 2010.
En om't ik by it biwurkjen fan in âld birjocht de kleur net foroarje koe sil dat hjir jitris bisykje ...
Mei
in
Hwat in bjusterbaerlik jier net, dat 2010.
En om't ik by it biwurkjen fan in âld birjocht de kleur net foroarje koe sil dat hjir jitris bisykje ...
Mei
in
zaterdag 3 april 2010
donderdag 22 oktober 2009
DE RAMP FAN 2012 (FOAR DE ECHTE OMKOALLEN)
Sjoch!! .... Ja ..... dan hawwe jou dat wer!!!!.
Hwêrom moatte de minsken jimmer liuwe yn folsleine ûnsin!
Dêrom dizze link.
Om der foar to soargjen dat wy net alhiel op'e doele reitsje.
Lykwols kinne wy oer al dy dokter sweefkes ús de bûsen wol útskuorre, is it net?
Forsin jou net, der binne sa'n njonkenlytsen al 175 titels forskynd op'e wrâld oer dy
sabeare ûndergong fan uze ierde. Nuverder moat it fansels net wurde, it is der fier by troch!
Lit jimme dêrom net forifelje!!
Nou ....... oan't safier mar wer!

Abonneren op:
Posts (Atom)