woensdag 21 januari 2009

Roland Kirk

Ja minsken, foar hwa as der jit net oan ta kaem is. Aldergeloks binne de filmkes fan Roland Kirk jitte allegearre to sjen. In hiele moaie is it filmke op You tube fan Downbaet 1975(5:55 minuten), hwêr't Roland Kirk in priis kriget, mei in foaropwurd fan de wrâldforneamde Quincy Jones.
Fenomeen Kirk is al stoarn yn 1977, mar nea hat der foar en nei him sa'n saksofonist west.
Om myn frysk mar eefkes to forbrekken, dizze man spile mei "circular breathing", wat ynhâld dat er tagelyk siken hellet en lucht wer útblaest troch syn saksofoans. Ja net foar neat saksofoans!, want hy spile trije saksen tagelyk. Ek spile er blokfluit mei syn noas!! (dat krije jou as je circular breathing yn'e slach hawwe). En mei spylje bidoel ik ek SPYLJE
en neat oars!!
Dus minsken lit jimme dit net foarby gean en hark en sjoch hokfoar bjusterbaerlike musyk dizze man makke hat.
Oare kear komme wy to sprekken oer in oare greatheit yn de musykskiednis, in man hwêr't Roland Kirk wol mei spile hat: Charles Mingus.

http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/8/81/Roland_Kirk.jpg

http://www.youtube.com/watch?v=S0JJmwq7KXQ

http://www.youtube.com/watch?v=5WZIm2Yvmtc&feature=related

Geen opmerkingen:

Een reactie posten