woensdag 8 april 2009

DING 10 FIERDER.

De Hyperlink haw ik nou foar it forstân, dat dêr kin ik my nou wol mei rêdde.

Nou gong ik fierder mei de oare tips en doe foel my op dat bygelyks tip sawn lykas tip fiif wol hiel súterich útlein wurde. Blogroll seit it ... just! .... jawol! .... Hokfoar ynstellings dy't by it skriuwen fan it birjocht net to finen binne en ûnder "Instellingen" is net dy foarneamde "list mei links" hwer't oer praet wurdt yn de útliz oer dy "blogroll" to finen. ... Ja .... ja .... Nou sil ik mar ris fierder ...

Ik haw tip njoggen der mar by helle, mar dêr wurdt my ek net dúdlik hwat as ik dwaen moat, hwant der stiet safolle to lêzen, dat ik jit wol in hiele joun dwaende wêze sil mei út to sykjen hwat as de barre moat om sa'n blogroll foarinoar to breidzjen.

Ik haw it bisocht, mar nearne is in andert to finen dat eefkes dúdlik útleit hokfoar hannelings ik dwaen moat om it klear to krijen. Sjoch mar ris nei en sykje dan mar ris út hoe as it moat. Faeks binne der wol goede helpers dy't my op it goeije paed bringe kinne ...

Nou fierder mar wer ... it is nou 22.15 en ik sit hjir nou al in oere mei to griemen, dat ik sil nou mar ris bigjinne oan ding tsien oer dy "sosiale boekemerkjes" en sokssahwat.

It is nou 22.17 dat ik bigjin mei it lêzen hwat as der barre moat by ding tsien, dat ik kin jitte net op de list ynfolje dat ik dit ûnderdiel al klear haw, hawar in stadiche drip kloarket wol in stien út is it net ... oan't moarn of letter.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten