zaterdag 31 januari 2009

In drege lêzing? Dingedong 8


Nou eefkes dwaende west mei ding acht.
Wol aerdich dat griemen mei foto's en ik sil der noch wol mear mei oan'e slach, om it hwat better yn'e akte to krijen.
Jou kinne hjir wol hiel lang mei ompiele.
Magic Sam

donderdag 29 januari 2009

Roland Kirk

En foar de minsken dy't it maklik hawwe wolle hjir noch hwat ynformaesje oer Roland Kirk.

In protte wille der mei.


Rahsaan Roland Kirk
Rahsaan Roland Kirk (Columbus (Ohio), 7 augustus 1936 - Bloomington (Indiana), 5 december 1977) was een Amerikaans multi-instrumentalist, vooral bekend om zijn vermogen meerdere saxofoons of fluiten tegelijk te bespelen.
Kirk's instrumentarium bestond uit alles wat hij te pakken kon krijgen, onder meer de:
Tenoorsaxofoon
Stritch (een Spaanse variant op de saxofoon, uit het begin van de vorige eeuw)
Manzello (een Spaanse variant op de saxofoon, uit het begin van de vorige eeuw)
Dwarsfluit
Klarinet
Engelse hoorn
Neusfluit
Politiefluit, evenals allerlei andere fluitjes, die Kirk ook uitdeelde
Gong
Piano
Tamboerijn en aanverwante ritme-instrumenten
Schelpen, om op te blazen
Kirk speelde weinig in andermans bands, maar brak door als side-man bij Charles Mingus. Hij speelde onder meer met McCoy Tyner, John Coltrane en Quincy Jones. Roland Kirk kreeg in 1975 een beroerte die hem gedeeltelijk verlamde, waarna hij nog slechts twee saxofoons tegelijk bespeelde. In 1977 overleed hij aan een tweede beroerte.


http://www.youtube.com/watch?v=EPATPXGJgKo

En hjir in hiele moaie film oer Roland Kirk, in fenomeen ....

woensdag 28 januari 2009

Dingedong seis en sawn


It is doch wol aerdich om der wer in foto by te dwaen, hwêrby't de it plaetsje moai

neist de tekst stiet, sûnder dat it opfalt. As sizzen neat is en dwaen in ding dan moat it

hjirnei dochs wer slagge wêze. Dus jitris bisykje:


En dan gean ik hjir wer fierder mei typen, en it liket der op dat alles op it plak bliuwt, sels al soe Yellowstone Park nou de loft yn fleane, of as der in stientsje fan sa'n 40 km great út de romte op ús deldonderje soe. Dan noch bleau dizze foto op it plak hwêr as er foar it lêst efter litten is.
As jimme mear witte wolle oer Roland Kirk: der stiet wol hwat oer him op û.o. Wikipedia, tige nijsgjirrich.
Magic Sam






Nou "eefkes" in foto der op sette, dochs.



It liket op fleanen oan't nou ta, mar in stadiche drip kloarket wol in stien út, is it net?


It forseine oer Charles Mingus bliuwt jit eefkes op de planke, mar dat komt letter.
De echte greatheden yn de musyk moatte net to fluch bihannele wurde, dêrom nou jit hwat oer de wrâldforneamde Roland Kirk. Yn alle gefallen in foto, hwêr't min op sjen kin dat dizze man blyn wie. Dêrom in wier fenomeen.

Magic Sam











woensdag 21 januari 2009

Roland Kirk

Ja minsken, foar hwa as der jit net oan ta kaem is. Aldergeloks binne de filmkes fan Roland Kirk jitte allegearre to sjen. In hiele moaie is it filmke op You tube fan Downbaet 1975(5:55 minuten), hwêr't Roland Kirk in priis kriget, mei in foaropwurd fan de wrâldforneamde Quincy Jones.
Fenomeen Kirk is al stoarn yn 1977, mar nea hat der foar en nei him sa'n saksofonist west.
Om myn frysk mar eefkes to forbrekken, dizze man spile mei "circular breathing", wat ynhâld dat er tagelyk siken hellet en lucht wer útblaest troch syn saksofoans. Ja net foar neat saksofoans!, want hy spile trije saksen tagelyk. Ek spile er blokfluit mei syn noas!! (dat krije jou as je circular breathing yn'e slach hawwe). En mei spylje bidoel ik ek SPYLJE
en neat oars!!
Dus minsken lit jimme dit net foarby gean en hark en sjoch hokfoar bjusterbaerlike musyk dizze man makke hat.
Oare kear komme wy to sprekken oer in oare greatheit yn de musykskiednis, in man hwêr't Roland Kirk wol mei spile hat: Charles Mingus.

http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/8/81/Roland_Kirk.jpg

http://www.youtube.com/watch?v=S0JJmwq7KXQ

http://www.youtube.com/watch?v=5WZIm2Yvmtc&feature=related

woensdag 14 januari 2009

Ding 5

Hoi Wiesje,

De feeds fan dy weblogs fan ús allegearre haw ik jit net foun. Wér sitte dy? Binne dat dy logo's, dy't boppe oan steane. De wite B mei it oranje blokje der om hinne?
Dy haw ik al bisocht, mar dy jowe net by it brûken fan de rjochtermûsknop de tekst "Snelkoppeling kopiëren"
Nou, ik hear it wol hwat as it wêze moat.

Magic Sam

woensdag 7 januari 2009

Ding 4

It falt allegearrenet ta mei sokke feeds en soks sahwat.
No ik sil it ris bisjen. It is wol hiel nij, bileaven hwat dat forhael fan dat foarbyld oanbilanget.
Dat foarbyld fan dy "egofeed" mei bibliotheek 2.0. Net to folgjen. Hwat in hannelingen tagelyk allegearre. It is foar dy menear Rob alllegearre wol snijde koeke, mar dit ferget wol in tige greate ynspanning foar minsken dy't der net mei opgroeid binne.