maandag 25 mei 2009

Jitte eefkes in link oefenje

Om't alles al fluch wer forfljocht haw ik foar mysels mar wer eefkes de links oefene.
Jo dogge dat oars ek wer fjirsten to min.
Ja min wit net hwat as der allegearre wol net bard yn ús lân op it gebiet fan it forkeapjen fan "Haerlimmer oalje".

Foar guon sil it drinken fan dit guod lykje op, it jin lij wetter yn de earen rinne litte, wêrtroch jou rêchbonke wol fan illastyk liket to wurden.
Nuver is lykwols dat min himsels dan net mear op eigen krêft forwege kin. Fia de rêchbonke krûpt sok guod dus ek jitte omheech en it guod dêr is dan ek lyk ridder slein.

woensdag 6 mei 2009

Ding 23




Ja en dan dochs mei in nachtsje fan goed twa oeren, noch sa fier kaem, dat ik as in stroffeljend hynder, dat krekt as yn de Grand National yn Ingelân alle tûkelteammen oerwoun hat, de einstreek jitte helle. Foar de net Frysk-lêzers sil ik myn konklúzje fierder yn it Nederlânsk ôfslute.



Ja de eindstreep van een enerverende reis langs vele internettoepasingen met daaronder ook al die sociale netwerken, als ook de 2.0 applicaties. Het lijkt al met al wel een achtbaan.



Wat er van vinden? Bij de vele commentaren, die ik al heb geschreven o.a. bij Ding 9, is veel al gezegd. Hier nog een paar toevoegingen van enkele indrukken en ervaringen.






Net als Rein zegt, ben ik er ook mede vanwege de tijdsdruk (in dit geval vele zaken tegelijkertijd, zoals enkele verhuizingen in de familie) niet aan toegekomen vaak te reageren op andere bloggers. Het is te spaarzaam gebleven. Wanneer er weer wat meer tijd voor is, lijkt het me aardig om er eens wat meer in te duiken.
Hoe alles te gebruiken in de bibliotheek? Ja er kwamen enkele frappante voorbeelden voorbij, zoals bijv. de WorldCat van OCLC, die om het mooi te zeggen "takes the biscuit". Hierbij vergeleken is de My Discoveries toch een mindere optie (die bovendien tijdens mijn escapades steeds dienst weigerde), simpel om dat die WorldCat uitgebreider is en veel toegankelijker en dus klantvriendelijker.

En wat aan te vangen met de vele mogelijkheden, die al die sites bieden, zoals LybraryThing, Last.fm om er enkele te noemen. Gaat alles straks geïntegreerd worden in één totaal systeem, of gaat het wéér en andere kant uit, wanneer er zoals steeds enkele geniale programmeurs en informaticaspecialisten weer betere applicaties ontwikkelen, weer betere software?

De stemming lijkt tegenwoordig zo te zijn, met het zich snel ontwikkelende internet en veranderingen die daarop zó snel plaats vinden, dat er een soort tweedeling lijkt te komen tussen mensen, die vol verwachting en gretig alle nieuwe zaken en ontwikkelingen tot zich nemen en de mensen, die door de enorme veelheid die het internet met zich meebrengt, in een soort verwarring worden achtergelaten, niet wetende welke snelle omwenteling zij nu weer te verwerken zullen krijgen (en dan bedoel ik dat in zijn algemeenheid, voel u vooral niet teveel aangesproken). Dat de nieuwe ontwikkelingen op het internet onomkeerbaar zijn lijkt evident, daarom kan de metafoor van de voorbijrazende trein heel plastisch laten zien, dat men de boot ineens zomaar kan missen.
Er zal heel wat water door de traag door oneindig laagland stromende rivieren zijn gevloeid, aleer we de toekomst zullen kennen, maar misschien is er wel juist zoveel water door die aderen der Nederlandschen economischen ruggengraat gestroomd in zo'n korte tijdsspanne, dat men al te laat is, door het missen van de voorbijrazende trein, voor de veerpont die al de digitale schatten met zich voert


Al met al heb ik me wel vermaakt met alle Dingen, ondanks de haastklus op het einde en het heeft toch wat meer inzicht in dat wereldomspannende internet opgeleverd. Wat heeft Tim Berners-Lee allemaal niet teweeg gebracht, dat wat bij hem begon kon uitgroeien tot zoiets enorms en vaak als men er eenmaal op bezig is overweldigends als het World Wide Web.

(Het zijn verschillende links hierboven!!!, dus elk woord is een andere ).

En wie zo stout is deze link aan te klikken, zal erachter komen, dat er nog wel eens meer in het vat kan zitten. Vandaar even een filmpje ter verlpozinge ende vermaek (en als onderbreking van deze steeds saaier wordende tekst).


">

Na dit verkwikkende muziekje bent u, lezer natuurlijk weer helemaal bij de les om deze langzaamaan steeds saaier wordende verhandeling vol goede moed te vervolgen, om er na dit stukje gelezen te hebben helemaal de brui aan te geven en te verzuchten:"Het is volbracht".

Engage: Web 2.0 in Libraries

Check out this SlideShare Presentation:

dinsdag 5 mei 2009

Ding 22

De ein komt yn sicht. Bin ik noch op'e tiid klear foar Wiesje en dy? Ik hoopje dat ik as ik it net mear oprêd foar moanier (is ûndertuske al hjoed wurden), dat ik it noch jouns, nei in oer as acht "ynleverje" mei, sadat ik dochs noch krekt op tiid klear bin.

Web 2.0:

1. Ik haw alle artikels twaris lêzen. It moat wol dúdlik wude hat as dat Bibleteek 2.0 ynhâldt.

2.Dit manifest. ja dat liket wol hiel moai, mar it giet hwat yn tsjin de iepen struktuur, dy't it Web 2.0 nou krekt is: Dat eltsenien der oan meidwaen en yn meiwurkje kin. Hwat eigen ferantwurdelikens en in nofteren sûn forstân moat dan wol genôch wêze.
Guon saken lykje my to folle foar de hân to lizzen en binne ek dûbeld. Boppedat is in manifest eat dat bileaven politike partijen brûke en dat ropt wol assosiaesjes op mei bygelyks it Kommunistysk Manifest of soks sahwat. Dizze iepen struktuur fan Web 2.0 moat just net yn sokke stive stringen boun wurde (Dat just om 4 maeije hinne). En dan hieltiten dat wurdtsje ik dat der yn foarkomt.

Fierder mar wer.

Dit earste manifest liket wol op

dizze fan Cohen, is der hast fan neimakke liket it wol. Noch hast gjin fortaling, mar it skeelt net alles. Ien fan de bloggers dy't Coers yn syn Kursus neamt dy fan

Oriënt Express slacht dit manifest oer by har fortaling. To filosoafysk seit hja. Nou Kees Hamann hat der suver in fortaling fan jown. Ik siz itselde as hwat ik hjir boppe sei.



It folgjende artikel:

Dy fan Michael Stephens: It measte haw ik net op mei it wurdt trendspotter, hwant uze kredytkrisis lit wol sjen dat yn de takomst sjen net sa hiel maklik is en as de takomst al hurd foroarje sil dan komt dat it earste fuort út de wittenskip, dy't nou al sa fier is dat hja in transistor op nanoskael hawwe en dy't elektroanen heine kinne yn in nanobuiske hwêrtroch it paed nei in quatumkompjûter ynslein is. Dus de earste foroaring komt jimmer fanút de wittenskip. Dy lit de mooglikheden foroarje. Boppedat lit dit stik my hwat efter mei in gefoel as dat it net mear oer minsken giet.



Oriënt Express jowt in moaie fortaling en gearfetting fan alle foarige artikels.

Jowt sels gjin kommentaer. Ik kin my yn't Ingelsk goed genôch rêdde om to bigripen hwat as der yn de artikels sein wurdt.

loosely

Wikipedia is wol aedich, bileaven om't it wurdt "loosely" yn dizze tekst stiet. Sjoch dat jowt blyk fan in goeije manear fan der nei sjen. Dit stik is moai aerdich dúdlik en goed to lêzen, hwêrtroch min in moai oersjoch kriget.



ZB digitaal is wol bikend sa'n njonkenlytsen. Stiet hwat Bibleteek 2.0 oanbilanget hieltiid wol hwer nije ûntjowings op. Ik haw der mear op sjoen en ik nim oan oaren fan ús ek.



3. Ja ûnderwilens is Omke Jan ek op dizze side to finen. Freegje Annelies mar. Fanwege de deadline fan de kursus, dy't nou wol hiel neioan is haw ik der jit net al tofolle mei dien, mar ik wol der noch wolris goed nei sjen hoe as it allegearre wurket.



4. Myn kommentaer haw ik al jown by alle artikels en dit rint ek wer foarút op Ding 23, mei dizze oantekening dat Bibleteek 2.0 wol in dynamysk "gehiel" is, hwêr't sûnder mis net mear fuort to tinken is. Hoe't de takomst is ..... wurdt ......................



Sa en dan nou Ding 23 noch!

Ding 21

En fierder mar wer.
It is nou 23:13 op maeije de fiifde, dus it wurdt wol nachtwurk. Moarn jit wurkje de hiele dei yn de bibleteek hjir yn't Fean, dat ik hoopje dat moarntojoun ek noch meitelt om op'e tiid klear to wêzen.

Nou dêr gean wy dan.

Dy katalogus fan
Ann Arbor District Lybrary is wol hiel handich, mei dy "tagcloud", mar it sjocht der wol hwat blastich út. Oan alle opmaek fan websiden sille jou ek earst wol wer hwat wenne moatte.
De boeken fan Philip Roth wiene goed to finen mei dêrby ek hwat resinsjes. Wol in moaie katalogus, hwêr't ek it sosiale netwurk karakter opfalt. Ik haw hjir mar gjin tags of resinsjes taheakke.


De katalogus fan Bibleteek Amsterdam bisjoen en der mei socht.
En wol aerdich ik haw der in tag taheakke en in resinsje skreaun by in boek.
Derom haw ik ek fuort mar in account by dy "My Discoveries" oanmakke.
Ik bisocht dêrnei in listke to meitsjen fan boeken, troch op, sa as de oanwizings ek oenjoechen, op bewaren of taggen to klikken, mar doe krige ik mar gjin boek yn dy list fan myn account fan My Discoveries. Hwat ik ek bisocht haw, it woe net slagje. Wol stie myn tag der yn, lykas myn resinsje en wurdearring. Nuver. Ik sil it letter werris bisykje. Of oars is der faeks ien dy't it my better útlizze kin as de útliz dy't der by stiet.

Ik haw ek in account oanmaake by WorldCat (en dat bitsjut net in hiele goeije catamaran) en nou koe ik wol samar in list meitsje, lyas by LibraryThing. It is wol sa as dy man út Sélân seit, de bêste katalogus, dy't er op dit stuit bistiet. Ik moat sizze nei't ik wer eefkes op dizze side tahôld, dat hy my hieltiten better bifoel. Winlik in oanwinst.
Jou kinne sels tags as net past oanmerke, dat hâldt yn dat it systeem in soarte fan selshimmeljend formogen hat. Nuveraerdich. Ik tink dat ik dizze katalogus jitte folle mear brûken gean. Tige handich en de hiele wrâld biflappend. Ik haw fanwegen de tiid (nou is it 6 maeije 2.30 oere) net in hiele list fan boelken oanmakke, mar it is mei dizze katalogus wol in soarte fan noflikens, ek om't jou in moai oersichtlike bledside hawwe, hwêr't al jou persoanlike saken dúdlik opsteane.

Ding 20

Fierder wer mei nûmmer tweintich.

1. In âlde bikende fan my, dy Last.fm dy't ik by Rinsma al hiel faek brûkt haw om musyk op to sykjen en hearre to litten. Nou ris sjen hwat as ik der sels mei kin.

Wol aerdich yn forbân mei dat forhael fan Rob Coers oer syn plaetsjekeapjen en it biharkjen dêrfan, is dat ik sels jimmer platen drei, om't dy altiten noch better klinke as digtale boarnen.

En dan: "Hwat is jou musyksmaek, as jou bygelyks 70% fan alle musyk, dy't makke is en wurdt net kenne?".

2.


Ik haw by last.fm socht op Wes Montgomery, dy't it stik Jingles spilet en hwat my doe opfoel is, dat der by youtube dat filmke sa to finen is en dat Last.fm datselde filmke hielendal net fine kin. Hwat my dêrnei jit mear fornuvere wie, dat yn de list dêrûnder mei related video's der allegearre video's tusken sieten, dy't folslein net "related binne", sterker jit, der sels neat mei fan dwaen hawwe, ek net hwat styl fan musyk oanbilanget. Dat docht de YouTube stikken better. Der is hwat my opfoel bileaven folle fan itselde to finen. It sil wol komme om't ik sels frijhwat drege jazz spylje hwêr't jou aerdich foar spylje kinne moatte.
Fierder haw hwat omstrúnt op dizze webside en it liket my foar hiel hwat musyk wol aerdich to brûken. Sjoch ek mar wer by de bibleteek fan Gateshead
dy't ek in aerdiche tsjinst foar har klanten hawwe.
Om sa fia Last.fm uze klanten to bitsjinjen mei musyk. As it sa wurket as by dizze webside dy't Rob Coers jit oanrikkemendearret dan soe it wol hwat wêze foar ús cluster tink.

Fierder haw ik noch efkes dwaende west mei de bonusopjeften en haw ik mar sa'n account oanmakke by Last.fm. Min wit ommers mar nea.

Hjir noch it filmke hwêr't it om gong.

Ding 19

Alle achtergrondinformatie doorgespit en veel van die social networksites bekeken.
En toen kwam gisteravond mijn nichtje met een vriendinnetje logeren, beide ongeveer 11 jaar oud en met de dames ben ik toen achter de computer aan het "Hyvesen" geslagen. Het is niet veel anders dan hetgeen op alle andere sites gebeurd, met dit verschil dat men wel kan merken, men hier met over het algemeen jongere gebruikers (niet vanwege mijn nichtje) van doen te heeft. Veel gras is mij al voor de voeten weggemaaid door de heer Coers zelf in "Sociale netwerken en wat er in te doen is".
De vragen die in dit stuk worden opgeworpen, blijven vragen, daar het internet en alles wat daarop gebeurd, een zodanige dynamiek heeft, dat het heel moeilijk valt te voorspellen wat er "morgen" weer gaat gebeuren. Het leidt een soort van eigen leven, waarin zaken, kijk naar de Secon life hype, heel snel komen en ook net zo snel kunnen gaan. In dit dynamische en levende proces is het lastig jezelf een plaats toe de dichten. Zolang mensen de sociale netwerken vooral persoonlijk gebruiken blijft die dynamiek overeind. Op ZB-digitaal bijvoorbeld wordt er heel wat afgepraat, met niet altijd zulke gefundeerde meningen, waarbij me opviel dat ik me na het lezen van een tritsje berichten, me steeds meer ging ergeren aan de soms aan leugens grenzende waanwijsheden, die er maar te pas en te onpas worden gedebiteerd.
Ook grappig is dat onze trendwatchers niet alle helderzienden zijn, getuige deze
link
die heel mooi laat zien, dat er geen kredietcrisis was voorzien.
Het geldt op deze sociale netweken net zoals op alle andere sites (Wackopedia indachtig) dat men vaak maar al te graag iets wil beweren, zonder daarvoor betrouwbare bronnen te gebruiken. Een gedegen kennis van de zaken is dus iets anders dan een meining.
In dat verband zou de bibliotheek, als zij al in een sociaal netwerk zouden deelnemen, vooral het leveren van betrouwbare informatie als speerpunt naar voren kunnen schuiven.

Ding 18 (slot)

Foar de netfrysklêzers gean ik nou wer fierder yn it Nederlânsk, hwant ik ha wol merkbiten dat dat LybraryThing in hiele aerdichheit is. Hjir myn bledside.

Dat LybraryThing heeft veel potentie voor vooral lezers, maar denkelijk ook voor bibliotheken. Van alles is er te vinden, maar ook van alles niet, omdat er in verhouding maar weinig bibliotheken bij zijn aangesloten (of krijg je in eeb betaalde versie een toegang tot nog veel meer?). Voorts viel me op dat de Nederlandstalige boeken (of in het Nerderlands vertaalde boeken) via het toevoegen niet te vinden zijn wanneer je niet één der Nederlandse bibliotheken vooraf hebt geselecteerd. Maar goed, daarna lukte het aardig om een lijstje in elkaar te draaien, met uitzondering van een friese titel: "Minsken is raer guod" / Rink van der Velde. Voor veellezers is er wel een schat aan informatie aan titels te ontdekken, waabij vooral de mogelijkheid tot delen z'n voordelen.
De titels op het lijste waren niet alle even in trek, hoewel het boek van Kroonberg, dat hier te lande goed is ontvangen, wel op veel steun kan rekenen bij de Lybrarythingers. Al met al een interssante site, die het gemak met zich draagt(misschien in de toekomst met nog meer aangesloten bibliotheken) heel veel titels te kunnen opsporen.

maandag 4 mei 2009

Ding 18

En dan nou de boeken. Der binne der jit al hwat.

  1. Account LibraryThing oanmakke.
  2. Tsien boeken op dizze webside setten: Hjir komme hja:

Wol spitich dat ik dy hiele list net oersette kin nei myn weblog. Haw ik al bisocht. dêrom alles

mar sljochthinnewei typt.

1. Ongecijferdheid : de gevolgen van wiskundige ongeletterdheid / John Allen Poulos

2. De menselijke maat : de aarde over tienduizend jaar / Salomon Kroonenberg

3. Demonen : autobiografische verhalen / Gerrit Komrij

4. Dit helse moeras / Gerrit Komrij

5. Het elektrisch universum : een geschiedenis van de elektriciteit / David Bodanis

6. De eekhoornformule / Vincent Icke

7. E=mc2 : de biografie van de formule die de wereld veranderde / David Bodanis

8. Het ravijn / Ivan Gontsjarov

9. Gapende hoogten / Aleksandr Zinovjev

10. Meer gouden woorden / Gerrit Komrij

Sa dat wie de hiele list. En nou soe it wol aerdich wêze as ik dy list der fia sa'n widget opkrije soe. It wurkey lykwols net.

It is nou 00:49 nachts, dat ik hâldt der nou wer eefkes mei op en gean moanier mar wer fieder.

Sa nei in nachtsje sliepe kin wy der wer tsjin oan.

Ding 17

Web 2.0 tsjinsten. (eefkes tuskentroch : Op dy Frankwatching sach dat hy op syn webside in soarte fan aquabrowser ynstallearre hat).

Ik haw der goed nei sjoen en it is sa't de hear Coers ek al seit , dat de takomst útwize sil hokfoar tsjinsten bliuwe en hokker fordwine sille. It wie wol handich in ûnderwerp (yn myn gefal musyk) to kizen en dan noch fornúvert it my hwat foar in oanbod der is. Hwat wol bizich is, is dat nou noch hieltiten dy Delicious wol brûk. En dizze like my ek wol aerdich.

Ik haw my fierder oanmelden by http://blip.fm/welcome en nou mar ris sjen as ik dêr jitte hwat mei doch. Sa wurd ik nou samar DJ op BLIP ... JA .... JA.... en haw der al hwat op setten.
In oare is Guitarati http://www.go2web20.net/app/?a=Guitarati . Wha wit wat as ik der mei kin. Ik sil der jit wol werris op sjen.



Ding 16 fierder

Sels haw ik gjin filmkes makke hwant derfoar moatte jou wol in kamera hawwe, mar der binne wol oaren, kunde fan my mei in kamera, dy't filmkes fan my der opsetten hawwe. Hjir binne der inkelde to finen hwêr't sels noch in filmke fan K-rûte fan Omrop Fryslân by sit.
Dy tags binne wol aerdich, mar sels sykje ik net sa, hwant meastentiids wit ik wol út de holle hwat ik sykje. Fierder haw ik ek noch eefkes sjoen hoe as jou in YouTube account oanmeitsje kinne. As de bibleteek der al hwat mei dwaen soe, dan is it wol sa handich en keapje in hiele goeije kamera sadat de filmkes der net sa súterich útsjoche en it lûd ek net sa min is. Hwant in min filmke is fansels gjin reklame foar de saek. Dizze 23Dingen kursus lit wol sjen hoefolle as der mooglik is op it mêd fan it ynternet. Sjoch ek mar werris by dy link fan my earder fan de bibleteek Gateshaed. (sjoch hjirûnder by Ding 15)

Fierder op nei santjin = 17.

Ding 16

Fierder mar wer.

Earst mar eefkes in filmke mei in hiel goed ferske, sa as it songen wurde heart. (hjirby forlyke is dy Trijntje Oosterhuis in falske krie)!!!




">

Ding 15

Hjir bin ik wer.

  1. Nou ik haw dy hiele list oan programma's wol hwat trochsjoen en dêrom haw ik hjir mar eefkes ien opsetten?

http://feeds.gespod.nl/ZondagochtendConcert/ Yn alle gefallen kinne oaren sa ek in abonnemint nimme, fia dizze link. Ik haw it sels eefkes dien.

2. Ik haw hwat bibleteken podcasts foun. Dy fan Delft en Skydam kriegen wy der al sa by en fierder haw ik noch Gateshead bisocht en dat liket ek hiel aerdich. As ekstra haw mar eefkes dizze kopieard ( de link woe net wurkje by dizze webside) Foar eltsenien wol maklik, om jitte hwat mear ynformaesje to krijen. http://podcasting.startkabel.nl/

3. Op de Netvibes haw ek twa podcasts setten en dy wurken ek noch. Mar noch aerdicher is dat ik op dizze kompjûter (fan myn heit) ek al in "realplayer" ynstallearre haw, dy't alle podcast ek ôfspylje kin. Sa haw ik inkelde podcasts ek heard, û.o. dy fan DOK Delft: Dok Leescafé: RVU Club van honderd 14-12-2007.

4. Nou it measte haw ik der earder al wer oer sein. As lêste haw ik noch sjoen nei sels podcasts meitsje by dy Podplaza en goed sjoen hoe as it moat en yndied it liket net sa dreech. Op in oare webside seach wol dat min sei net to bisúnichjen op in mikrofoan, hwant in strieminne opname fan in podcast hat fansels alhiel gjin sin. Sjoch noch mar ris goed nie dy bibleteek fan Gateshead, hwant dy rinne op dit mêd goed lyk. Der is lykwols ek vodcast en dy haw ik fan Pauw en Witteman ek eefkes download foar de aerdichheit.

http://feeds.feedburner.com/penw

zondag 3 mei 2009

Ding 14

Mar wer neffens de opjeftesiferkes de opjeften bidel gean.

1. Alles lêzen hwat der oer dy IM to lêzen is en dat wie moai hwat. En it aerdiche is dat myn mem al Skype hat en út en troch wolris praet, wêr't hja dan sa'n webcam by brûkt, mei myn broer en syn frou yn Nijsélân. En doe't ik okkerdeis by it kompjûtersintrum fan Deloitte yn Amsterdam rounlaet waerd, wiene dêr allegearre keamers (der wurkje sa'n 140.000 minsken by Deloitte oer de hiele wrâld rekkene) wêr't conferencechat of videoconferencing ynstallearre wie. De baes fan it kompjûtersintrum docht sels videochat fanút syn auto.

2. al@din bin ik fansels wol mei op de hichte, hwant ik ha der sels noch oan meiwurke yn it bigjin. Nou haw ik in fraech stelt(it is hjir snein, mar yn Australië is moandei) oan de Queensland University of Technology, dy stie yn de LibSucceswiki-list fan 23Dingen, by Ask a Librarian. Ik krige in aerdich andert

http://www.library.qut.edu.au/learn/type/statistics.jsp#international mei sites en sa hwêr't ik fierder sykje kin.

3. Wy hiene dochs al in gmail account? Dus dan kinne wy sa al chatte. Ik sil ek eefkes mei myn omkesizzer chatte, hwant dy hat sa'n MSN account.

4. Nou an haw ek sa'n chat yn myn blog stean en dat is wol aerdich. It chatten is der earst jit net fan kaem, mar letter haw mei myn omkesizzer oan it chatten west, hwant hjirnei haw ek noch sa'n Live account oamakke en myn omkesizzer hat dat al in jier as twa, dat dy is dêr al gans bitûft yn.




5.Ja ....... en hwat kin ik noch sizze nei't ik it measte wol sahwat sein haw.
Sa as de bibleteken (sa as yn Denemarken) yn de forskate lânnen de mooglikheit om to chatten op harren webside hawwe, dat is wol to dwaen. It kin in aerdiche oanfolling wêze, faeks ek foar de jongere klanten. Fierder bliuwt it wol, sa as mei de hiele ûntjouwing fan nije saken op it ynternet, ôfwachtsjen hoe as it him yn de takomst ûntjaen sil.

Nou mar op nei Ding 15 en foarútwizend hjir de webside fan Bibliotheek 2.0