zondag 3 mei 2009

Ding 14

Mar wer neffens de opjeftesiferkes de opjeften bidel gean.

1. Alles lêzen hwat der oer dy IM to lêzen is en dat wie moai hwat. En it aerdiche is dat myn mem al Skype hat en út en troch wolris praet, wêr't hja dan sa'n webcam by brûkt, mei myn broer en syn frou yn Nijsélân. En doe't ik okkerdeis by it kompjûtersintrum fan Deloitte yn Amsterdam rounlaet waerd, wiene dêr allegearre keamers (der wurkje sa'n 140.000 minsken by Deloitte oer de hiele wrâld rekkene) wêr't conferencechat of videoconferencing ynstallearre wie. De baes fan it kompjûtersintrum docht sels videochat fanút syn auto.

2. al@din bin ik fansels wol mei op de hichte, hwant ik ha der sels noch oan meiwurke yn it bigjin. Nou haw ik in fraech stelt(it is hjir snein, mar yn Australië is moandei) oan de Queensland University of Technology, dy stie yn de LibSucceswiki-list fan 23Dingen, by Ask a Librarian. Ik krige in aerdich andert

http://www.library.qut.edu.au/learn/type/statistics.jsp#international mei sites en sa hwêr't ik fierder sykje kin.

3. Wy hiene dochs al in gmail account? Dus dan kinne wy sa al chatte. Ik sil ek eefkes mei myn omkesizzer chatte, hwant dy hat sa'n MSN account.

4. Nou an haw ek sa'n chat yn myn blog stean en dat is wol aerdich. It chatten is der earst jit net fan kaem, mar letter haw mei myn omkesizzer oan it chatten west, hwant hjirnei haw ek noch sa'n Live account oamakke en myn omkesizzer hat dat al in jier as twa, dat dy is dêr al gans bitûft yn.




5.Ja ....... en hwat kin ik noch sizze nei't ik it measte wol sahwat sein haw.
Sa as de bibleteken (sa as yn Denemarken) yn de forskate lânnen de mooglikheit om to chatten op harren webside hawwe, dat is wol to dwaen. It kin in aerdiche oanfolling wêze, faeks ek foar de jongere klanten. Fierder bliuwt it wol, sa as mei de hiele ûntjouwing fan nije saken op it ynternet, ôfwachtsjen hoe as it him yn de takomst ûntjaen sil.

Nou mar op nei Ding 15 en foarútwizend hjir de webside fan Bibliotheek 2.0

Geen opmerkingen:

Een reactie posten