maandag 4 mei 2009

Ding 15

Hjir bin ik wer.

  1. Nou ik haw dy hiele list oan programma's wol hwat trochsjoen en dêrom haw ik hjir mar eefkes ien opsetten?

http://feeds.gespod.nl/ZondagochtendConcert/ Yn alle gefallen kinne oaren sa ek in abonnemint nimme, fia dizze link. Ik haw it sels eefkes dien.

2. Ik haw hwat bibleteken podcasts foun. Dy fan Delft en Skydam kriegen wy der al sa by en fierder haw ik noch Gateshead bisocht en dat liket ek hiel aerdich. As ekstra haw mar eefkes dizze kopieard ( de link woe net wurkje by dizze webside) Foar eltsenien wol maklik, om jitte hwat mear ynformaesje to krijen. http://podcasting.startkabel.nl/

3. Op de Netvibes haw ek twa podcasts setten en dy wurken ek noch. Mar noch aerdicher is dat ik op dizze kompjûter (fan myn heit) ek al in "realplayer" ynstallearre haw, dy't alle podcast ek ôfspylje kin. Sa haw ik inkelde podcasts ek heard, û.o. dy fan DOK Delft: Dok Leescafé: RVU Club van honderd 14-12-2007.

4. Nou it measte haw ik der earder al wer oer sein. As lêste haw ik noch sjoen nei sels podcasts meitsje by dy Podplaza en goed sjoen hoe as it moat en yndied it liket net sa dreech. Op in oare webside seach wol dat min sei net to bisúnichjen op in mikrofoan, hwant in strieminne opname fan in podcast hat fansels alhiel gjin sin. Sjoch noch mar ris goed nie dy bibleteek fan Gateshead, hwant dy rinne op dit mêd goed lyk. Der is lykwols ek vodcast en dy haw ik fan Pauw en Witteman ek eefkes download foar de aerdichheit.

http://feeds.feedburner.com/penw

Geen opmerkingen:

Een reactie posten