De ein komt yn sicht. Bin ik noch op'e tiid klear foar Wiesje en dy? Ik hoopje dat ik as ik it net mear oprêd foar moanier (is ûndertuske al hjoed wurden), dat ik it noch jouns, nei in oer as acht "ynleverje" mei, sadat ik dochs noch krekt op tiid klear bin.
Web 2.0:
1. Ik haw alle artikels twaris lêzen. It moat wol dúdlik wude hat as dat Bibleteek 2.0 ynhâldt.
2.Dit manifest. ja dat liket wol hiel moai, mar it giet hwat yn tsjin de iepen struktuur, dy't it Web 2.0 nou krekt is: Dat eltsenien der oan meidwaen en yn meiwurkje kin. Hwat eigen ferantwurdelikens en in nofteren sûn forstân moat dan wol genôch wêze.
Guon saken lykje my to folle foar de hân to lizzen en binne ek dûbeld. Boppedat is in manifest eat dat bileaven politike partijen brûke en dat ropt wol assosiaesjes op mei bygelyks it Kommunistysk Manifest of soks sahwat. Dizze iepen struktuur fan Web 2.0 moat just net yn sokke stive stringen boun wurde (Dat just om 4 maeije hinne). En dan hieltiten dat wurdtsje ik dat der yn foarkomt.
Fierder mar wer.
Dit earste manifest liket wol op
dizze fan Cohen, is der hast fan neimakke liket it wol. Noch hast gjin fortaling, mar it skeelt net alles. Ien fan de bloggers dy't Coers yn syn Kursus neamt dy fan
Oriënt Express slacht dit manifest oer by har fortaling. To filosoafysk seit hja. Nou Kees Hamann hat der suver in fortaling fan jown. Ik siz itselde as hwat ik hjir boppe sei.
It folgjende artikel:
Dy fan Michael Stephens: It measte haw ik net op mei it wurdt trendspotter, hwant uze kredytkrisis lit wol sjen dat yn de takomst sjen net sa hiel maklik is en as de takomst al hurd foroarje sil dan komt dat it earste fuort út de wittenskip, dy't nou al sa fier is dat hja in transistor op nanoskael hawwe en dy't elektroanen heine kinne yn in nanobuiske hwêrtroch it paed nei in quatumkompjûter ynslein is. Dus de earste foroaring komt jimmer fanút de wittenskip. Dy lit de mooglikheden foroarje. Boppedat lit dit stik my hwat efter mei in gefoel as dat it net mear oer minsken giet.
Oriënt Express jowt in moaie fortaling en gearfetting fan alle foarige artikels.
Jowt sels gjin kommentaer. Ik kin my yn't Ingelsk goed genôch rêdde om to bigripen hwat as der yn de artikels sein wurdt.
loosely
Wikipedia is wol aedich, bileaven om't it wurdt "loosely" yn dizze tekst stiet. Sjoch dat jowt blyk fan in goeije manear fan der nei sjen. Dit stik is moai aerdich dúdlik en goed to lêzen, hwêrtroch min in moai oersjoch kriget.
ZB digitaal is wol bikend sa'n njonkenlytsen. Stiet hwat Bibleteek 2.0 oanbilanget hieltiid wol hwer nije ûntjowings op. Ik haw der mear op sjoen en ik nim oan oaren fan ús ek.
3. Ja ûnderwilens is Omke Jan ek op dizze side to finen. Freegje Annelies mar. Fanwege de deadline fan de kursus, dy't nou wol hiel neioan is haw ik der jit net al tofolle mei dien, mar ik wol der noch wolris goed nei sjen hoe as it allegearre wurket.
4. Myn kommentaer haw ik al jown by alle artikels en dit rint ek wer foarút op Ding 23, mei dizze oantekening dat Bibleteek 2.0 wol in dynamysk "gehiel" is, hwêr't sûnder mis net mear fuort to tinken is. Hoe't de takomst is ..... wurdt ......................
Sa en dan nou Ding 23 noch!
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
No Jan, dit liket der mar op. Dit nim ik nochris in einspurt! No noch even ding 23 en do bist klear en fan herte wolkom op moandei 11 maaie.
BeantwoordenVerwijderenGroetnis,
Wiesje