dinsdag 5 mei 2009

Ding 21

En fierder mar wer.
It is nou 23:13 op maeije de fiifde, dus it wurdt wol nachtwurk. Moarn jit wurkje de hiele dei yn de bibleteek hjir yn't Fean, dat ik hoopje dat moarntojoun ek noch meitelt om op'e tiid klear to wêzen.

Nou dêr gean wy dan.

Dy katalogus fan
Ann Arbor District Lybrary is wol hiel handich, mei dy "tagcloud", mar it sjocht der wol hwat blastich út. Oan alle opmaek fan websiden sille jou ek earst wol wer hwat wenne moatte.
De boeken fan Philip Roth wiene goed to finen mei dêrby ek hwat resinsjes. Wol in moaie katalogus, hwêr't ek it sosiale netwurk karakter opfalt. Ik haw hjir mar gjin tags of resinsjes taheakke.


De katalogus fan Bibleteek Amsterdam bisjoen en der mei socht.
En wol aerdich ik haw der in tag taheakke en in resinsje skreaun by in boek.
Derom haw ik ek fuort mar in account by dy "My Discoveries" oanmakke.
Ik bisocht dêrnei in listke to meitsjen fan boeken, troch op, sa as de oanwizings ek oenjoechen, op bewaren of taggen to klikken, mar doe krige ik mar gjin boek yn dy list fan myn account fan My Discoveries. Hwat ik ek bisocht haw, it woe net slagje. Wol stie myn tag der yn, lykas myn resinsje en wurdearring. Nuver. Ik sil it letter werris bisykje. Of oars is der faeks ien dy't it my better útlizze kin as de útliz dy't der by stiet.

Ik haw ek in account oanmaake by WorldCat (en dat bitsjut net in hiele goeije catamaran) en nou koe ik wol samar in list meitsje, lyas by LibraryThing. It is wol sa as dy man út Sélân seit, de bêste katalogus, dy't er op dit stuit bistiet. Ik moat sizze nei't ik wer eefkes op dizze side tahôld, dat hy my hieltiten better bifoel. Winlik in oanwinst.
Jou kinne sels tags as net past oanmerke, dat hâldt yn dat it systeem in soarte fan selshimmeljend formogen hat. Nuveraerdich. Ik tink dat ik dizze katalogus jitte folle mear brûken gean. Tige handich en de hiele wrâld biflappend. Ik haw fanwegen de tiid (nou is it 6 maeije 2.30 oere) net in hiele list fan boelken oanmakke, mar it is mei dizze katalogus wol in soarte fan noflikens, ek om't jou in moai oersichtlike bledside hawwe, hwêr't al jou persoanlike saken dúdlik opsteane.

1 opmerking:

  1. Je hebt Worldcat geloof ik beter bekeken dan ik, daar moet ik nog eens grondiger mee aan de gang. Ik vond wel leuke lectuur op geschiedenisgebied trouwens.
    Een hele prestatie om midden in de nacht nog samenhangende stukjes te schrijven (in het Fries nog wel), maar je bent waarschijnlijk een avondmens...
    Je bezorgt me wel een halve ochtend leeswerk.

    BeantwoordenVerwijderen